Fergeze digitale taalhelpmiddels foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk skriuwe wol. Foar jong en âld, handich rubrisearre. Wurdboek-apps, games, in Frysk toetseboerd foar dyn telefoan of tablet, in oersethelp en noch folle mear. Mei dizze digitale taalhelpmiddels foar it Frysk makkest noait wer in flater.

Folwoeksenen

Gboard, SwiftKey, de Praat mar Frysk-app & Google Translate

Gjin flaters op de mobyl Autokorreksje foar it Frysk op it toetseboerd

Tablet Mobiel

SwiftKey en Gboard binne al jierren bysûnder populêre toetseboerd-apps dêr’tst fluch en flaterfrij Frysk mei type kinst. Kinst Swiftkey en Gboard ek brûke yn bygelyks Whatsapp en de apps leare ek fan dyn taalgebrûk.

taalweb.frl

Wurdboek en taalhelp Foar elkenien dy’t Frysk skriuwe wol

Desktop

Taalweb Frysk is in helpmiddel foar elkenien dy’t Frysk skriuwe wol. Op dizze website, ûntwikkele troch de Fryske Akademy, wurdt jo in ferskaat oan fergees digitaal skriuwark oanbean.

Alders & Bern

Tomke, Lytskes, It grutte foarlêsboek & mear

Spultsjes foar 2-6 jier Boartsjend leare

Desktop Tablet Mobiel

Apps mei ferhalen, gedichten en spultsjes foar bern fan 2-6 jier. Boartsjend wurden leare en op in feilige en tagonklike wize mei de Fryske taal boartsje. Op de kompjûter, tablet of mobyl.

Meunstertún, Gamefrysk & mear

Spultsjes foar 6-12 jier Frysk leare mei taalapps en games

Desktop Tablet Mobiel

Fryske taalapps en games foar bern fan 6-12 jier. Boartsjend wurden leare op in útdaagjende en tagonklike wize. Op de kompjûter, tablet of mobyl.

Hawwe jo in taalfraach of wolle jo wat neisjen of oersette litte en komme jo der net út mei de apps en taalhelpmiddels op dizze webside? Dan kinne jo fansels by de Afûk terjochte! It jaan fan taaladvys, it neisjen fan koarte teksten of it letterlik oersetten fan in pear wurdsjes is fergees. Dat jildt ek foar it neisjen fan bertekaartsjes en -advertinsjes, roubrieven en -advertinsjes en troukaarten.

Foar it neisjen of oersetten fan gruttere stikken tekst freget de Afûk in fergoeding. Foar ynformaasje oer tariven en betingsten kinne jo kontakt mei de Afûk opnimme fia: 058-2343070 of ynfo@afuk.nl.