← Nei oersjoch

Wurdl.nl, Wurdian, Frysker.nl, Office yn it Frysk

Alle Fryske taalhelp-apps en spultsjes op in rige! Fan populêre taalgames lykas in Fryske Wordle oant de Fryske staveringshifker foar Office

Hoe wurket Frysker.nl? Spilest Wordl of Wordfeud leaver yn it Frysk? Of sikest de Fryske staveringshifker foar Microsoft Office? Download Wurdian, spylje Wurdl of download de Fryske taal foar Word, Outlook, Powerpoint én Excel!

Wurdl – De offisjele Fryske Wordle!

It online wurdspul Wordle is yn koarte tiid hiel populêr wurden. No is der neist in Ingelske en in Nederlânsktalige ferzy dus ek in offisjele Fryske ferzy, mei de namme Wurdl. De ynstek bliuwt simpel: ried in fiif- of seis letterwurd yn seis beurten of minder.

Spesjaal foar de Fryske ferzy binne bysûndere lettertekens as ê, â en ú, dy’t yn de Fryske taal brûkt wurde, as ekstra letters tafoege. Wurdl is makke yn gearwurking mei studint Jelle Besseling en mei mooglik makke troch de Afûk, Buro KLEI en de Fryske Akademy.

Tablet Mobiel Desktop

Wurdian: Scrabble yn it Frysk!

De app Wurdian bestie al langer yn it Frysk, mar hat yn gearwurking mei de Afûk en de Fryske Akademy no ek in Fryske omjouwing. Dêrneist is de definysjefunksje yn Wurdian in handich taallearmiddel wêrmei’t ek net-Frysktaligen al dwaande Frysk leare kinne.

Wurdian is ûntwikkele troch Ronald van den Berg, in Fries yn Stockholm. De app is beskikber yn trije talen en biedt mear funksjes as it eardere Wordfeud. Wurdian is as app te downloaden foar Apple- en Android-apparaten fia de gebrûklike app-stores.

Tablet Mobiel Desktop

Frysker.nl Helpmiddel foar it ferbetterjen fan Fryske teksten

De Fryske taalmienskip hat mei Frysker in eigentiidsk digitaal skriuwark dat stipe jout by it opstellen, staverjen en oersetten fan Fryske teksten. Dizze digitale taalhelpmiddels binne troch de Fryske Akademy ûntwikkele op grûn fan ‘e opboude ekspertize.

Desktop

Download de Fryske staveringshifker foar Microsoft Office

Microsoft yn it Frysk! Download no de nije Fryske staveringshifker foar Word, Outlook, Excel én Powerpoint! (more…)

Desktop

Fryske oersethelp Fluch in tekst oersette yn of út it Frysk

Oersethelp helpt jo fluch en fergees in tekst oer te setten yn of út it Frysk. Plak de tekst yn it finster, kies foar oersette fan Nederlânsk nei Frysk of Frysk nei Nederlânsk en druk op de knop. Fuortendaliks ferskynt de winske oersetting.

Desktop